Sintrale Burgum: gjin problemen

© Omrop Fryslân
De elektrisiteitssintrale yn Burgum kin it grutte stroomferlet noch goed oan. Troch it waarme waar wurdt der mear stroom ferbrûkt troch ûnder oaren it gebrûk fan fentilators en airko's.
De temperatuer fan it koelwetter fanút de Burgumermar is mei goed tweintich graden noch goed brûkber, neffens in wurdfierder fan Electrabel. Dêrtroch kin de sintrale yn Burgum gewoan troch draaie.