Kwaliteit wetter noch goed

26 jul 2006 - 17:14

De wetterkwaliteit fan de 52 offisjele swimplakken yn it Fryske bûtenwetter is noch hieltyd goed. Dat docht bliken út ûndersyk fan Wetterskip Fryslân by de swimplakken yn de provinsje en Rykswettersteat by de gebieten om de Iselmar en Noardsee hinne.

De ynstânsjes ferwachtsje de kommende dagen wol mear lêst te krijen fan de blau-alch. Baktery's kinne troch it simmerwaar en de ferwachte reinbuien makliker nei it oerflaktewetter komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)