Oanpak yllegale oanlizzers

© Omrop Fryslân
Twa amtners sille tenei yn de gemeente Boarnsterhim yn de gaten hâlde of der net yllegaal gebrûk makke wurdt fan lisplakken yn de gemeente. Lang is net dúdlik west wa't aksje ûndernimme moat as der boaten fierstente lang in tydlik lisplak beset hâlde, om't de plysje allinnich by oertredings yn aksje komt.
By de gemeente kamen ferskate klachten binnen fan boaten dy't fierstente lang op ien plak leine.