Goeie start Kampen op EK Yngling

© Omrop Fryslân
Sylster Marije Kampen fan Starum is mei har partners goed begûn oan it EK Yngling yn Medemblik. Mei Annelies Thies en Annemieke Bes waard Kampen by de earste twa races sânde en tredde. Dêrtroch steane se twadde yn it algemien klassemint.
De oare trio's wiene minder suksesfol. Marije Faber stiet, mei Janneke Hin en Floortje Hendriksen, 10e. Brechtje van der Werf, Petronella de Jong en Mandy Mulder stean 15e.