Nijpels komt mei Fryske TomTom

© Omrop Fryslân
Der komt in Frysktalige rûteplanner foar yn de auto. Kommissaris fan de keninginne Nijpels presinteart de Fryske ferzje fan it navigaasjesysteem tongersdei op it provinsjehûs yn Ljouwert. De provinsje hat in oprop dien om mei in tapaslike namme foar de rûteplanner te kommen. Dy wurdt dan ek bekend makke.
Der bestiet al in rûteplanner yn it Liwwadders. Dy is makke troch de VVD yn Ljouwert.