Frou stelt tas en rekket ferwûne

26 jul 2006 - 11:57

In frou dy't in tas stellen hie út in winkel yn Ljouwert is ferwûne rekke doe't se op 'e flecht sloech foar winkelpersoniel dat har achterfolge. De 42-jierrige ynwenster fan Ljouwert hie by in winkel oan 'e Skrâns in tas meinaam, mar it persoaniel seach dat besocht har al roppend te pakken te krijen.

Op har flecht mei de fyts foel de frou mei de holle op 'e dyk. Se rekke út 'e tiid en is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)