Aksjegroep: nòch in ûndersyk

26 jul 2006 - 11:54

De aksjegroep 'Laat het zout maar zitten' wol dat der noch ris ekstra ûndersyk komt nei de grûndelgong yn it noardwesten fan Fryslân. Tiisdei waard bekend dat de grûn yn Barradiel 1,6 sintimeter mear sakke is as ferwachte. Neffens it Staatstoezicht op de Mijnen hat dat net te krijen mei sâltwinning, maar mooglik mei gaswinning.

Mei help fan Frisia Sâlt en gaswinner Vermillion wurdt der yn septimber wer sjoen nei de oarsaken fan de delgong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)