Meerslag om Boalsert giet oer

© Omrop Fryslân
De trijedaagse kuiertocht De Meerslag om Boalsert giet oer. Lokoboargemaster Pieters fan Boalsert hat de tocht tiisdei oan de ein fan de middei ôflast fanwege de waarsfoarsizzingen. Boargemaster Vroegindeweij hat op basis fan advys fan sûnenstsjinst GGD en plysje de risiko's ynskat.
De organisaasje hie al maatregels nommen troch de ôfstannen yn te koartsjen. Se binne swier teloarsteld oer de beslissing fan de gemeente.