Lânwetterpunt yn Turfrûte

26 jul 2006 - 09:42

De gemeente Opsterlân wol meiwurkje oan in saneamd lânwetterpunt oan de Turfrûte by de Himrik. By dit punt komt in oanlissteiger foar boaten, in parkearplak en sanitêre foarsjennings.

It punt leit ticht by de âlde gersdroegerij fan de Himrik. De eigner dêrfan wol toeristen graach rûnliede yn de âlde gersdroegerij. De oanlis fan it toeristyske plak kostet 90.000 euro. Opsterlân en de provinsje betelje mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)