Molkkwotum folle minder wurdich

25 jul 2006 - 17:03

It pensjoen fan boeren dy't ophâlde wolle is yn gefaar. Moandei is de priis fan it molkkwotum ferlege. En dat smyt minder jild as boeren harren kwotum ferkeapje wolle. De levering fan ien liter molke kostet no 1,70 euro. Earder wie dat noch twa euro.

De daling is ynset yn 'e oanrin nei de ôfskaffing fan it kwotum yn 2015. Boeren dy't trochgean hawwe dêrtroch alle belang by de daling. Op de lange termyn hâlde sy mear jild oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)