Famke fan 13 drinkt te folle

© Omrop Fryslân
In Dúts famke fan 13 is moandei op Flylân net goed wurden omdat se te folle drank op hie. It famke wie mei in groep op it eilân. Omstanders dy't yn de gaten hiene dat it net goed mei har gong, ha har yn in sliepsek wikkele en de helptsjinsten ynskeakele.
Nei behanneling troch it personiel fan de ambulânse en in dokter, is it famke oerdroegen oan de begelieders fan de groep dêr't se mei op fakânsje wie.