Klean fan line stellen
Yn Midslân op Skylge is dit wykein foar in soad jild klean fan in line stellen. In 16-jierrich famke út Balk hie de klean ophong, op in kampingterrein. Se wie dêrnei nei it strân gien.
Doe't se weromkaam wie de klean fuort. It guod hie in wearde fan in pear hûndert euro. It famke hat oanjefte dien. De plysje stelt in ûndersyk yn.