Frachtwein yn berm A7

25 jul 2006 - 10:52

De sjauffeur fan in frachtwein is moandeitemoarn yn it sikehûs bedarre nei in ûngemak. De frachtwein kaam op de A7 by de ôfrit Boalsert-east yn de berm telâne. De sjauffeur rekke dêrby bekneld. Hy is troch de brânwacht út de frachtwein helle en mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs.

De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)