Jirnsum gjin garânsje ûntfangst

© Omrop Fryslân
In tydlike digitale stjoerder yn Jirnsum is gjin goeie oplossing om de ûntfangst te garandearjen fan Omrop Fryslân televyzje by hûshâldens sûnder kabel. Dat fynt de direksje fan Omrop Fryslân.
NoZeMa wol in nije djoere stjoermêst bouwe yn Ljouwert. NoZeMa erkent dêrmei dat de mêst yn Jirnsum net ideaal is as lokaasje foar digitale televyzje, fynt direkteur Gaanderse fan Omrop Fryslân.