Haven Eastermar te let klear

24 jul 2006 - 19:39

De ûndernimmers yn Eastermar ha de smoar yn. De nije haven yn it doarp soe foar de simmer klear wêze, mar dat is lang net slagge. It sil noch seker oant septimber duorje foar't it ôf is. De oannimmer hat it net oprêden en takom wike is it boufak.

It haventsje soe ekstra toeristen nei it doarp bringe moatte. De ûndernimmers seagen dat fansels wol sitte, mar de ekstra besikers bliuwe fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)