Kuiertocht taret op waarmte

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan de trijedaagse kuiertocht de Meerslag om Bolsward nimt ekstra maatregels fanwege de waarmte dy't ek dizze wike oanhâldt. De kuiertocht begjin woansdei, en dat is sa't it no liket krekt de waarmste dei fan de wike. Alle dagen wurde de ôfstannen in stik ynkoarte. Fierder soargje se foar in soad sop en wetter.
Ferline wike waard de Nijmeegse Vierdaagse ôflast, neidat twa dielnimmers om it libben kaam wiene.