Atsma: 'Noch gjin digitale tv'

24 jul 2006 - 12:40

It Twadde Keamerlid Joop Atsma begrypt neat fan de advertinsje dy't sneon troch it regear pleatst is yn de kranten. Dêryn stie dat radio- en TV- programma's nei 29 oktober allinnich noch mar digitaal útstjoerd wurde.

Minsken dy't op de kabel sitte, fernimme dêr neat fan. Mar by bewenners fan bûtengebieten sûnder kabel, bliuwt it skerm dan swart. De 2e Keamer is lykwols noch net sa fier om op it digitale sinjaal oer te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)