SP: 'Gjin UMTS-mêst yn Harns'

24 jul 2006 - 12:14

De gemeente Harns makket in grutte flater troch dochs in UMTS-mêst ta te stean yn de stêd. Dat fynt de SP-wurkgroep fan Harns. KPN Mobile krijt fan de gemeente in fergunning om sa'n mêst te bouwen by it fuotbalfjild fan Seerobben.

De gemeente hie hast 550 brieven krigen fan omwenners dy't har soargen meitsje oer strieling. Neffens in Switsersk ûndersyk binne der lykwols gjin skealike effekten te ferwachtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)