Agressive bestjoerder oanhâlden

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan De Lemmer is sneintemoarn oanhâlden troch de plysje. De man ried dy nacht mei syn auto oer de Koartestreek. It is ferbean om dêr oerhinne te riden. Ek ried de man fierstente hurd.
In 18-jierrige ynwenner fan Nagele en in 20-jierrige Lemster koene noch mar krekt oan de kant springe. Doe't se der wat fan seine, krige ien in klap tsjin de holle. De bestjoerder is oanhâlden. Hy reagearre dêrby agressyf.