Stroetinga Europeesk kampioen

23 jul 2006 - 17:22
Foto: Omrop Fryslân

Wim Stroetinga is sneontejûn Europeesk kampioen op it ûnderdiel scratch wurden. De 21-jierrige hurdfytser fan Aldeberkeap die dat op 'e baan fan de Grykse haadstêd Athene yn de kategory ûnder de 23 jier.

It wie foar Nederlân al wer de fjirde gouden medalje op dizze kampioenskippen. Snein is de lêste dei.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)