Cambuur wint oefenpot mei 0-4

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Cambuur hat sneontejûn yn Den Helder mei 0-4 wûn fan de Helderse seleksje. Yn de earste minút makke René van der Weij al 0-1. Dêrnei krige Cambuur de wedstriid net ûnder kontrôle, mar Arnold Herder makke wol 0-2.
Yn de twadde helte wiksele trainer Roy Wesseling yn totaal njoggen spilers. Ynfaller John Stegeman makke noch twa goals wêrtroch it 0-4 waard. Takom wike giet de seleksje op trainingskamp.