Lykspul foar Hearrenfean: 2-2

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat sneontejûn mei 2-2 lyk spile tsjin Genclerbirligi út Turkije. De wedstriid waard spile op it fjild van VV De Sweach yn Beetstersweach. Yn de earste helte kamen de Turken op 0-1 troch in goal fan Okan. Paul Bosvelt makke noch foar it skoft lyk.
Yn de twadde helte kaam Hearrenfean op in 2-1 foarsprong troch in goal fan Michael Bradley. Okan soarge mei syn twadde goal foar de 2-2 einstân.