Minderheidsjongeren yn Fryslân

© Omrop Fryslân
In ploech bûtenlânske studinten sil dizze hiele wike troch Fryslân reizgje om de provinsje better kennen te learen. De groep bestiet út Katalanen, Sorben, Sudeten-Dútsers en Sloveenske Italianen.
Tegearre mei in groep Fryske jongeren sille sy ûnder oare in besite bringe oan Skylge en oan de terp fan Hegebeintum. De reis is in inisjatyf fan it FYK, de jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt.