Mishanneling yn Drachten

© Omrop Fryslân
Yn de nacht nei snein is yn Drachten in 18-jierrige ynwenner út dat plak oanhâlden foar mishanneling fan in 17-jierrige plakgenoat. Yn in hoarekagelegenheid oan de Noardkade hiene de twa spul krigen.
It slachtoffer krige dêrby klappen. Ek in jonge út Lelystêd waard letter oanhâlden. Hy hie yn itselde hoareka-gebou mei glêzen smiten. De 17-jierrige jonge is meinaam nei it plysjeburo.