Iensidich ûngelok yn Donkerbroek

23 jul 2006 - 14:37

Op de Balkwei yn Donkerbroek hat sneontemiddei in iensidich ûngelok west. In 58-jierrige bromfytser út Donkerbroek rekke de kontrôle oer it stjoer kwyt en knalde tsjin in beam oan.

Dêrnei foel de man mei de brommer yn in greppel. De plysje moast helpe om de man derút te heljen. De ynwenner fan Donkerbroek is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)