GGD: 'Goed op âlderen lette'

© Omrop Fryslân
Alderen moatte yn dizze tiid fan ekstreme waarmte goed yn de gaten hâlden wurde. Dy oprop dogge dokters yn Fryslân oan famyljeleden en frijwilligers. De kâns op útdroeging is foar âlderen en oare kwetsbere groepen op it stuit tige grut.
Neffens de GGD ha âlderen faak net yn de gaten dat se op 'e tiid wat ite of drinke moatte. Ek dokters binne benaud dat in protte pake's en beppe's sûnder soarch sitte yn de fakânsjetiid.