Minder besikers foar Hynstedagen

© Omrop Fryslân
De Hynstedagen yn Tytsjerksteradiel ha minder besikers lutsen as oare jierren. It evenemint hat te lijen fan de waarmte. Benammen wat âldere minsken bliuwe fuort. De organisaasje hat maatregels naam foar hynders en minsken om it yn de hjitte fol te hâlden.
In lytse 8000 minsken kamen op de trije hynstedagen yn Sumarreheide by Garyp ôf. Gewoanwei binne dat der wol 10.000.