Trio Berkepas wint yn Ternaard
It partoer fan Klaas Berkepas, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra hat sneontemiddei de útnoegingspartij yn Ternaard wûn. Yn de finale waard it partoer fan Jochum Bouma, Pieter Scharringa en Cornelis Terpstra ferslein mei 5-2 en 6-4.
De lytse preemje gong nei it partoer fan Dirk Yde Sjaarda, André Kuipers en Auke van der Graaf.