Stellerij út boat yn Snits
Ut in boat oan de Wâldfeart yn Snits is freedtemoarn betiid in pear tûzen euro stellen. Yn ferbân mei de waarmte stiene de doarren fan de boat iepen.
De dieders namen in beurs mei. Dêryn siet net allinnich it jild, mar ek in creditcard en in farbewiis. In 42-jierrige frou út Hillegom hat oanjefte dien fan de stellerij.