Ljouwerter (42) mishannele

© Omrop Fryslân
In 42-jierrige Ljouwerter is yn de nacht nei sneon ferwûne rekke yn in kroech yn syn wenplak. It slachtoffer wie op stap mei freonen, doe't er oansprutsen waard troch in ûnbekende man.
In oare man pakte in glês en drukte dat yn it gesicht fan de Ljouwerter. It slachtoffer waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De oanlieding foar de mishanneling is ûnbekend.