Fernielings yn Frjentsjer

22 jul 2006 - 14:40

De plysje hat yn de nacht nei sneon fiif ynwenners fan Frjentsjerteradiel oanhâlden foar fernielerij. De plysje krige in melding dat der ferskate saken fernield waarden. Der soe mei fytsen smiten wurde en in ferkearsboerd fernield wêze.

By de oanhâlding hie ien fan de fertochten in ferkearsboerd achterop de fyts. Alle fiif fertochten moasten mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)