Oanriding yn Wolvegea
In 76-jierrige frou út Wolvegea is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn har wenplak. It slachtoffer siet yn de auto by in 79-jierrige man. Dy ried in krusing op en seach in oare autobestjoerder oer de holle.
In oanriding wie it gefolch. De frou út Wolvegea hie ferskate ferwûnings. Se waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.