Mishanneling yn Snits
De plysje hat yn de nacht nei sneon in 27-jierrige Snitser oanhâlden foar mishanneling. In tsjûge sei dat de fertochte in 24-jierrige man klappen jûn hie. It slachtoffer hat oanjefte dien.
De fertochte waard oppakt. Yn de auto nei it buro ta begûn er de plysjes út te skellen. De oanlieding foar de mishanneling is net dúdlik.