Boek oer skiednis Atoglas

© Omrop Fryslân
"Achter de Hoven 116 Bis" is de titel fan it boek mei de skiednis fan Atoglas yn Ljouwert. Freed binne de earste eksemplaren útrikt oan twa âld- direkteuren. Fan 1920 ôf sit it bedriuw, yn de folksmûle it knoopkes- fabryk, al yn Ljouwert. Ein dit jier giet Atoglas oer nei Frankryk.
In groep wurknimmers fûn it skande dat de skiednis fan it fabryk net bewarre bliuwe soe. In grut part fan de wurknimmers hat yntusken in nije baan.