Marcel Beima op dreef yn België

22 jul 2006 - 11:56

Hurdfytser Marcel Beima fan Hurdegaryp stiet nei de tredde etappe yn de Ronde fan Luik op in fyfde plak yn it algemien klassemint. Beima leit 27 sekonden achter de Belgyske lieder Ben Hermans. Troch it waarme waar en it hege tempo is de helte fan it peloton al nei hûs.

Marco Bos wûn yn syn eigen wenplak de Lus fan Roden. Johan Procee (Burgum) waard achtste, René Hooghiemster (Oentsjerk) tsiende. By de froulju wie der in achtste plak foar Josephine Groenveld fan Folsgeare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)