Lytse slûs Harns wer iepen

© Omrop Fryslân
Nei 18 jier foeren der wer boaten troch de lytse slûs yn Harns. De slûs en in part fan de kaden yn de havenstêd binne opknapt. Doel is it ferbetterjen fan de farfoarsjennings en de rûte tusken Boalsert en Harns.
Wethâlder Waaijer fan Harns draaide freed de slûs iepen. Dat wie de ôfsluting fan it projekt. It is noch net dúdlik hoe't de slûs betsjinne wurdt. No moat earst de haventsjinst belle wurde.