Botulisme felt 121 wetterfûgels

© Omrop Fryslân
Der binne dizze simmerdagen oant no ta 121 deade wetterfûgels oantroffen. Neffens it Wetterskip giet it om fûgels, fral einen, dy't slachtoffer fan botulisme wurden binne. Hokker type sykte it krekt is, wurdt noch ûndersocht. De measte deade fûgels binne fûn op It Hearrenfean.
It swimferbod yn it Griene Stjergebied bij Ljouwert is freed opheft. Likegoed tinkt it Wetterskip dat de kâns op blau-alch grutter wurdt mei dit waar.