Kaden kontrolearre op skuorren

22 jul 2006 - 10:02

Wetterskip Fryslân kontrolearret takom wike sa'n hûndert kilometer feankade. Troch de oanhâldende droechte kinne der skuorren yn de kades komme en dat kin yn it slimste gefal ta in dyktrochbraak liede. Om problemen foar te kommen, sjocht it Wetterskip hoe't de feankades der by lizze.

By de Driewegslûs yn Nijetrine wurde op dit stuit kades mei hout beskoeid. Dat yn ferbân mei fersakkings fan de wâlen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)