Ferkeap Jorwerter iepenloftklean

22 jul 2006 - 10:02

Yn Jorwert is freed en sneon in hiel bysûndere útferkeap. De klean fan de lêste tsien jier fan it Jorwerter Iepenloftspul binne dêr te keap. Troch in ferhuzing is der gjin opslachromte mear. En in nije romte is djoerder as wat de kleanferhier opsmyt.

Neist in grut ferskaat oan klean is der ek wat oar guod te keap. Guod dat allegear te krijen hat mei it Jorwerter iepenloftspul troch de jierren hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)