'200 swimabonneminten mooglik'

© Omrop Fryslân
Eigner Ron van Booma fan rekreaasje- sintrum Schatzenburg ferwachtet takom wike 200 goedkeape swimabonnementen te ferkeapjen. De tagongspriis fan it swimbad giet omleech om't de gemeente Menameradiel en Van Booma in akkoart sletten ha oer de ferkeap fan de sportterreinen.
Mei dizze oerienkomst is in ein kaam oan in lang konflikt tusken de beide partijen. Ynwenners fan Menaam binne bliid mei de goedkeape abonnementen.