Dit wykein Mancadan noch te sjen

© Omrop Fryslân
Minsken kinne it kommende wykein foar it lêst trije wurken fan de lânskips- skilder Mancadan sjen, yn it Fries Museum yn Ljouwert. De skilderijen binne fan de erven Goudstikker. De joadse keunsthanneler Goudstikker rekke se yn de oarloch kwyt. Hy kaam sels om it libben.
Syn neiteam hat der jierren foar striden it rjochtmjittich besit werom te krijen. Earder dit jier slagge dat. It Fries Museum rekket se no dus kwyt.