Ein oan skeel Schatzenburg

21 jul 2006 - 13:38

De ried fan Menameradiel stimt yn mei it weromkeapjen fan de sportterreinen op rekreaasjepark Schatzenburg. De gemeente betellet goed 400.000 euro oan eigner Van Booma. Dy ferleget de prizen foar it swimbad. In abonnement oant de ein fan dit seizoen kostet 30 euro. Takom jier kin foar 100 euro fjouwer moanne swom wurde.

Der komt ek in ein oan de rjochtsaken oer it sportkompleks. Fan't hjerst wurdt fierder praat oer it akkoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)