Man dy't plysje sloech frij

© Omrop Fryslân
De man dy't yn maart in plysjeman delsloech by in alkoholkontrôle yn Wâlterswâld is tongersdei troch de rjochter op frije fuotten steld. De man krige acht moanne selstraf, wêrfan fjouwer ûnder betingst.
Omdat de 22-jierrige man al fjouwer moanne fêst sitten hie, waard er fuortendaliks frijlitten. Twa wike lyn easke de offisier fan justysje noch 15 moanne selstraf tsjin de fertochte.