Swimwetter skjin genôch

© Omrop Fryslân
It wetter yn Fryslân is skjin genôch om yn te swimmen, neffens Wetterskip Fryslân. Trije meiwurkers hawwe dêrom tongersdei in pear baantjes lutsen yn it Van Harinxmakanaal by Ljouwert.
Troch de waarmte kin op plakken blauwalch ûntstean. Wetterskip Fryslân kontroleart dêrom alle offisjele swimplakken fan de provinsje. Minsken dy't op oare plakken yn it wetter gean, moatte dat sels yn de gaten hâlde.