Flater gemeente, ein fakânsje

© Omrop Fryslân
De ried fan Tytsjerksteradiel komt fan fakânsje werom om in boustop te kearen. De rjochter leit de bou fan in gebou dêr't ûnderwiisfoarsjennings yn komme en fan 14 apparteminten yn Eastermar mooglik stil. Omwenners hiene der beswier tsjin makke.
De bou kin stillein wurde, omdat de gemeente it boubeslút net op 'e tiid ferlingd hat. As de ried dy proseduereflater rjochtset, kin der wer fierder boud wurde.