Bernebuorkerij Bears ticht?

21 jul 2006 - 10:53

De takomst fan bernebuorkerij Jongiastate yn Bears stiet faai. De gemeente hat tongersdei fjouwer bisteferbliuwen yn beslach naam omdat dy illegaal op it terrein stean soene. De eigner hie net op 'e tiid in fergunning oanfrege.

Om de ferbliuwen werom te krijen, moat de bernebuorkeij betelje, mar de eigner hat dêr gjin jild foar. In syktocht nei sponsors foar Jongiastate hat ek noch net folle opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)