KNVB-beker: Hearrenfean-Roda JC

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat it net troffen mei de lotting foar it lanlike bekertoernoai. De ploech fan trainer Gertjan Verbeek spilet yn de twadde ronde tsjin Roda JC. Cambuur moat op besite by de winner fan de wedstriid tusken ASWH en WSV. De wedstriden binne op 19, 20 of 21 septimber.
Yn de earste ronde binne de klubs út it betelle fuotbal frij. Dan komme allinnich amateurklubs yn aksje, lykas ONS Snits en Harkemase Boys.