Looper nije direkteur Tresoar

21 jul 2006 - 07:35

Bert Looper (49) wurdt de nije direkteur fan it histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar. Op 1 jannewaris 2007 folget er de hjoeddeistige direkteur fan Tresoar, Douwe de Vries, op.

Looper wurket no as direkteur fan it Histoarysk Sintrum yn Swolle. Hy wol him foaral ynsette om de Fryske kultuer tichter by de minsken te bringen. Looper wie yn syn studintetiid foarsitter fan Bernlef.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)