Besuniging kostet banen by Palet

© Omrop Fryslân
By soarchynstelling Palet yn Ljouwert geane tsien fan de sechstich banen ferlern by de sintrale stêf. Der moat jierliks ien miljoen besunige wurde. De direksje wol dat net ferhelje op de ynstellings dy't gebrûk meitsje fan it sintraal buro.
Ferline jier makke Palet noch in winst fan twa miljoen euro. Dat waard foaral fertsjinne troch de oansletten tehûzen. It sintraal buro sels hie in ferlies fan rûchwei in heal miljoen.