Jonkje fan fiif ferdronken

20 jul 2006 - 18:40
Foto: Omrop Fryslân

In jonkje fan fiif jier út Sint Anne is woansdeitemiddei ferdronken yn in swimbad achter syn âldershûs. It bern wie de heit en mem eefkes ûntkaam.

Doe't de mem har jonkje yn it swimbad fûn, begong se him fuortendalik te reanimearen. Meiwurkers fan plysje, ambulânse en de húsdokter namen it efkes letter fan har oer. Ek de traumahelikopter waard ynsetten. Alle help kaam lykwols te let.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)